Jeugdboek yn Fryske oersetting presintearre

Op it Dockingacollege yn Dokkum is woansdei de Fryske oersetting presintearre fan it jeugdboek 'Zwarte zwaan' fan Gideon Samson. It boek 'Swarte swan' is oerset troch Geart Tigchelaar. Earder wûn er de Obe Postmapriis 2016 foar syn oersetting 'Erik of it lyts ynsekteboek' fan Godfried Bomans. Hy fynt it moai om mei meardere talen te boartsjen by it oersetten. It ferhaal giet oer in famke dat har eigen begraffenis yn sêne set troch fermist te wêzen.
Der binne net folle jeugdboeken yn it Frysk foar de learlingen op it fuortset ûnderwiis. Dêrom binne sokke oersettingen fan belang.