Skoalbern rinne mei wetter op de rêch foar Libearia

Yn Nederlân is it de gewoanste saak fan de wrâld om de kraan iepen te draaien en der skjin wetter út te krijen. Mar yn bygelyks Libearia moatte se kilometers rinne om wetter op te heljen, dat faak ek noch smoarch is.
Dêrom sammelje learlingen fan basisskoallen yn en rûnom Dokkum jild yn om dy sitewaasje wat te ferbetterjen. Dat dogge se troch seis kilometer te rinnen mei seis liter wetter op 'e rêch.