Ferkiezingen: opkomst is wikseljend

21 mrt 2018 - 12:08

De opkomstsifers foar de ferkiezingen litte oant no ta in wikseljend byld sjen. Yn fjirtjin Fryske gemeenten binne ferkiezingen foar in nije gemeenterieden, yn alle Fryske gemeenten kin stimd wurde foar it referindum oer de Wet op de inlichtingen- en veiligheidsdiensten, better bekend as de sleepwet.

11.00 oere

Op de eilannen leit de opkomst tradisjoneel heech. Op Skiermûntseach hie om 11.00 oere mear as in kwart fan de kiezers al nei it stimburo west. Dat jildt foar sawol de riedsferkiezingen as it referindum. Ek op It Amelân lizze de sifers boppe it Fryske gemiddelde. By sawol riedsferkiezingen as referindum leit it opkomtpersintaazje op 20%. En Skylge melde in opkomst fan 19 prosint foar de riedsferkiezingen en 18 prosint foar it referindum. Itselde byld lit Flylân sjen.

Yn gruttere gemeenten komt de opkomst faak wat dreech op gong. Yn Smellingerlân wie de opkomst om 11.00 oere lykwols al 20%. Yn Tytsjerksteradiel wie it 14%. Yn de gemeente Harns wienen om dat tiidstip hinne hast 12 prosint fan de stimmers kommen. By it referindum lei de opkomst krekt wat boppe de 11 prosint. Dat binne sa'n bytsje deselde sifers as yn Dantumadiel. Allinnich yn Achtkarspelen lei de opkomst leger: krekt gjin 11%. Eaststellingwerf makket noch in ferliking mei de foarige ferkiezingen. Dizze kear is it 12%. Yn 2014 lei dat sifer op 6,4%. Dat is dus hast in ferdûbeling. Yn Weststellingwerf wie it persintaazje in bytsje heger: 13%. Ek Opsterlân kaam op 13% út.

Yn Waadhoeke kin inkeld stimd wurde foar it referindum, de opkomst wie goed 5%.

Trefwurden: 
ferkiezing referindum opkomst
(advertinsje)