Kramer: "Feehâldersfakbûn moat ek nêstpannen brûke"

21 mrt 2018 - 11:57

De Nederlandse Melkveehouders Vakbond soe meidwaan moatte oan it beskermjen fan greidefûgelnêsten mei saneamde nêstpannen. Dy oprop die deputearre Johannes Kramer woansdei by de iepening fan de provinsjale greidefûgelkennisdei op 'e Jouwer. In grut tal organisaasjes, wêrûnder leanwurkers en LTO-Noord, docht mei oan de kampanje "Grutsk op ús Greidefûgels".

Dêrby wurde metalen nêstpannen oer in greidefûgelnêst set sadat de nêsten net sneuvelje by it jarjen mei de sleepslang. De Nederlandse Melkveehouders Vakbond docht net mei oan de kampanje en dat moat oars fynt deputearre Kramer.
 

(advertinsje)