Bern ferwûne by ûngelok op It Hearrenfean

21 mrt 2018 - 11:45

By in ûngelok op de Ljouwerterstrjitwei op It Hearrenfean is woansdei oan de ein fan de moarn in jonge fan 13 jier út Aldeboarn slim ferwûne rekke. De bestjoerder fan in auto mei oanhingwein botste tsjin de jonge op de fyts oan. Hy is oerbrocht nei it sikehûs. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok. Fan de bestjoerder fan de auto wurdt in ferklearring opnaam. De auto is yn beslach naam foar fierder ûndersyk.



 

(advertinsje)