Ljouwerter, wer sûnder rydbewiis, rekket syn auto kwyt
In 45-jierrige Ljouwerter is tiisdeitejûn syn auto kwytrekke, omdat de man foar de sechsde kear oanhâlden waard sûnder rydbewiis. De plysje sette him op de Kanaalwei oan de kant en naam de auto yn beslach. Der is boppedat proses-ferbaal tsjin de dôfhûdige bestjoerder opmakke.