Oersetter Peter Sijbenga oer Matthäus Passion yn it Frysk

It is in unikum foar it Noord Nederlands Orkest de kommende dagen. It orkest bringt yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 de Matthäus Passion yn it Frysk. Dat is bysûnder, om't it orizjineel fan Johann Sebastian Bach yn 'e regel yn it Dútsk útfierd wurdt. De Matthäus Passion fertelt it lijensferhaal fan Jezus. Seis útfieringen steane op it programma, de earste is tongersdei yn De Harmonie yn Ljouwert. De Fryske oersetting is makke troch komponist en tekstskriuwer Peter Sijbenga fan Reduzum.
In Fryske útfiering fan de Matthäus Passion is unyk. Hoe binne jimme op dit idee kaam?
"It NNO is nei oanlieding fan Ljouwert Kulturele Haadstêd op it idee kaam dat it moai wie yn 2018 in Frysktalige Matthäus Passion oan Ljouwert oan te bieden. Mei om't it NNO foar in part út it Frysk Orkest ûntstien is. It NNO hat foar in grut part syn woartels yn Fryslân. Fansels hie it NNO de orizjinele Dútsktalige ferzje al hiel lang op it programma te stean."
Wêrom is it wichtich dat de Matthäus Passion yn it Frysk opfierd wurdt?
"Wichtich is in term dy't ik hjir net brûke soe. Mar ik fyn it wol moai dat der fan in wurk dat ta it kollektive ûnthâld fan de westerske kultuer heart, in goede Fryske oersetting is. Dan hast de echo fan it Europeeske kultuergoed yn it Frysk. Yn Fryslân leit altyd de klam op nij wurk. Mar it soe ek goed foar 'de Fryske footprint' wêze as safolle mooglik wurken dy't fan belang binne, ek yn it Frysk ferskine. It soe meihelpe kinne oan it bewustwêzen fan 'Wat wolle wy mei de taal'. "
As wy sjogge nei de orizjinele Dútske tekst, wie it dan dreech om dy oer te setten yn it Frysk? Hast der in skoft mei dwaande west?
"Ik ha der in jier oan wurke. It is mei oersetten sa: jo moatte gewoan it taalgebiet yn gean. Ik bin by it oersetten net folle opfallende saken tsjinkaam, want jo hawwe jo gewoan te hâlden oan it libretto. Ast dat begjinst te lêzen, komst fansels in soad dingen tsjin dy'tst wol kenst fan it evangeelje. Wat dit wol spesjaal makket, is datst hjir bûn bist oan noaten. It is wichtich dat de wurden presys op de noaten stean bliuwe, ek yn de oersetting. Ik hie de opdracht sa ticht mooglik by it orizjineel te bliuwen."
"It ferneamde 'Erbarme Dich' kinst oersette mei 'erbarmje jo', mar ek mei 'ûntfermje jo'. Ik fyn 'ûntfermje' moaier as 'erbarmje', mar haw by de fjirde ferzje fan de oersetting dochs mar besluten om foar 'erbarmje' te kiezen. Dan bliuw ik sa ticht mooglik by de klank fan it orizjineel."
De Matthäus Passion fertelt mei wurden en muzyk it lijensferhaal fan Jezus. Tinkst dat dat boadskip yn it Frysk mei itselde gefoel op de taskôgers oerkomt?
"Ja. It ferhaal bliuwt itselde en ik tink dat de klank fan it Frysk in fergelykbere krêft hat."
Der stean fan tongersdei ôf seis útfieringen op it programma. Hoe sitst dat belibje?
"Ik sil earst wol wat senuwachtich wêze, omdat ik der neat mear oan dwaan kin. As ik bygelyks meispylje mei Tryater, dan bin ik der sels by op it poadium. Kinst meistjoere en hast ynteraksje mei de kollega's. Mar, ik sit net mei it swit yn de hannen te sjen nei de Fryske útfiering fan de Matthäus Passion. Ik haw der moai oan wurkje kinnen en bin goed begelaat troch it NNO."
Smakket it nei mear?
"Ik bin yn it ferline ea begûn mei klassike muzyk. Wat dat oanbelanget is dit in soart weromkommen. Mar oan de oare kant bin ik ek in soart 'bal yn in flipperkast'. Al in pear desennia lang stuiterje ik fan it iene nei it oare. Ik haw der betrouwen yn dat der wol wer wat nijs komt. It is net sa dat ik nei oanlieding hjirfan links en rjochts begjin te wapperjen mei "Sijbenga, foar al jo fertalingen."
Wêr leit dyn hert no echt, by de Matthäus Passion of by dyn band It Dockumer Lokaeltsje?
"By allebeide, alhoewol't It Dockumer Lokaeltsje wol myn eigen ding is. Foar my is der gjin ferskil tusken dy twa. Yn de klassike wrâld leit alles hiel bot fêst. Yn de popmuzyk moatte jo it dwaan mei de beheiningen dy't jo hawwe. Dat is wol in ferskil. Mar foar de rest bist dwaande mei it meitsjen. Sels ast Bach útfierst, bist oan it herscheppen. Elke goede sjonger sil sizze: ik sil it sjonge as is it de earste kear dat it útfierd wurdt. Dêryn is it allegearre muzyk, oft it no in skel klinkende gitaar fan Sytze van Essen of in djippe bas fan Jezus Christus is."
Fan de Fryske ferzje fan de Matthäus Passion wurde opnamen makke dy't sneon 31 maart (18.00 oant likernôch 21.10 oere) te hearren binne op Omrop Fryslân radio. Ek is hjiroer in dokumintêre te sjen by Fryslân DOK oer it ta stânkommen, dit programma is peaskesnein 1 april te sjen by Omrop Fryslân telefyzje.
De Fryske Matthäus Passion makket ûnderdiel út fan 'Lân fan taal', in projekt fan Kulturele Haadstêd 2018.