Paviljoen Vijversburg nominearre foar arsjitektuerpriis

21 mrt 2018 - 10:46

It paviljoen fan natuer- en kultuerpark Vijversburg by Tytsjerk is nominearre foar in belangrike arsjitektuerpriis. It glêzen bouwurk is troch de Branchevereniging Nederlandse Architectenbureaus nominearre foar it Bêste Gebou fan it jier 2018. It komt út yn de kategory 'Identiteit en Icoonwaarde'.

Oare nominearen binne it stedsargyf yn Delft en de konsertseal yn Arnhem. It paviljoen yn Tytsjerk kin dêrneist ek de publykspriis winne. Minsken kinne oant 1 maaie stimme. Mei de ferkiezing komt it paviljoen opnij tsjinoer de konsertseal te stean: earder wûn it paviljoen de Art Detail Award te'n koste fan de Arnhemmers.

Stimme kin hjir.

(advertinsje)