BLOG: in dei op it stimburo yn Feanwâlden

21 mrt 2018 - 17:28

Hjoed, woansdei 21 maart, mei in grut part fan de Friezen stimme foar de gemeenteried en alle Friezen foar it referindum. De frijwilligers op de stimburo's binne fan moarns betiid oant jûns let yn it spier om de ferkiezingen yn goede banen te lieden. Hjoed folgje wy ien fan dy frijwilligers: foarsitter Jaap van der Laan yn it stimburo fan Feanwâlden yn it tsjerklik sintrum 'De Mienskip'.

21:22 uur: It tellen fan de stimmen is úteinset!

18:24 oere: It jûnsiten op it stimburo. De broadsjes ham en tsiis binne noch net op, de kroketten wol.

18:17 oere: Al moai wat stimmers dy't hjoed foar it earst harren stim foar de gemeenteried útbrocht ha en kâns meitsje op in iPhone, Smartwatch, GoPro, Ps4 of iPad fan de gemeente Dantumadiel.

17.01 oere: It giet dat it slydjaget: de earste doaze is leech. Dat betsjut dat der mear as 500 ynwenners fan de gemeente Dantumadiel del west hawwe. Elk hawwe wy mei iepen earms ûntfongen, it is sels 'in bytsje' gesellich. Jo kinne noch fjouwer oeren terjochte by ús yn Feanwâlden. Mar... dan moatte jo fansels al yn Dantumadiel wenje. 

15.17 oere: Sa! By it bakje tee in stikje oranjekoeke. Om't myn kollega noch fol sit fan it lunsj, haw ik in stikje ekstra. Jo kinne sjen dat it aardich drok west hat. It tal turfstreekjes is foar it tal útdielde stimbiljetten foar de gemeenteriedsferkiezingen en it referindum. It is in lange sit, mar wy fermeitsje ús noch hieltyd. De stimmers reagearje entûsjast by ynkomst, sy ha my heard op 'e radio of folgje de blog. 

14.33 oere: Wy hawwe trije stimhokken en dy binne op it stuit leech. Dit jier sitte wy yn de lytse seal, de foargeande jierren hienen wy de grutte seal ta beskikking. In moai smûk plak sa! Ek de lampen boppe de stimhokjes moatte derfoar soargje dat de stimmers gjin flaters meitsje.

13.00 oere: Om de beurt sitte wy oan tafel te iten. Op it menu ierappels, griente en in stik fleis, ek it  neipriuwke is al klear set. Alles smakket bêst en jout genôch enerzjy om de middei troch te kommen.  

11.13 oere: Boargemaster Agricola (rjochts) hat krek persoanlik oranjekoeke del brocht, myn kompaan Gerrit van Duijn (links) hat it wettertoskjend yn ûntfangst nommen. It is in lyts gebaar, mar wurdt oe sa wurdearre troch de frijwilligers. Troch de drokte, sa krekt foar iten, sille wy it yn de middei smeitsje litte. 

10.47 oere: Op it stuit hawwe sa'n 150 minsken harren stim útbrocht by it stimburo  'De Mienskip' yn Feanwâlden. Nei de kofje is it in drok momint. Sa komt it der net fan om it boek te lêzen. Ien frou hie allinnich in stimpas ûntfongen foar it referindum. Har stimpas foar de gemeenteriedferkiezing ûntbruts. Dan moat der eat net goed gongen wêze by it ynpakken fan 'e slúf. 

9:37 oere: Op rêstige mominten lês ik it boek 'Morgan, een liefde' fan Bas Steman. It ferhaal giet oer in parasjutist, dy 't yn de Twadde Wrâldoarloch fjochtet foar de frijheid. In moaie keppeling nei de dei fan hjoed, dêr't minsken harren stim frij útbringe kinne. Ik bin no op side 267. Tusken it boek lêzen troch hawwe wy op rêstige mominten in praatsje en harkje wy nei Omrop Fryslân. 


7.30 oere: Jaap sit hjoed foar de fjirde kear op it stimburo. Hy is ynwenner fan de gemeente Tytsjerksteradiel, mar is foarsitter fan it stimburo fan Feanwâlden yn de gemeente Dantumadiel.
As foarsitter kin Jaap it stimburo net ferlitte. Hy moast in oar in folmacht jaan om syn eigen stim út te bringen. As foarsitter jout Jaap trochslach oer diskutabele stimbiljetten en hâldt er tafersjoch oft alles neffens it protokol útfierd wurdt. Folgje ús liveblog om te sjen hoe't Jaap syn dei op it stimburo ferrint.

(advertinsje)