Friezen om utens: Theo de Jong út Súd-Afrika

13 apr 2018 - 17:30

Wannear langesto it meast nei thús? Foar it projekt Friezen om utens ynterviewt programmamakker Miranda Werkman Friezen oer de hiele wrâld. Wannear fiele se har thús? Hoe geane se om mei feroaringen en emoasjes en spilet de Fryske taal dêr noch in rol by? En foaral: wannear langje se it meast nei thús?

Yn dizze ôflevering Theo de Jong yn Súd-Afrika. Is it ek de skuld fan de minsken sels, dat se it min hawwe yn de earme wiken fan Knysna, Súd-Afrika? Theo de Jong fynt fan net en jout 'ziel en zaligheid' om de bern in oare takomst sjen te litten. Mei syn frou Jinke. By Jinke fielt Theo him oeral thús.

Friezen om utens is ûnderdiel fan Lân fan taal, LF2018. It is fan 30 maart ôf te sjen yn it Paviljoen Liwadders.

(advertinsje)