Friezen om utens: Anne Marije de Winkle út Amearika
Wannear langesto it meast nei thús? Foar it projekt Friezen om utens ynterviewt programmamakker Miranda Werkman Friezen oer de hiele wrâld. Wannear fiele se har thús? Hoe geane se om mei feroaringen en emoasjes en spilet de Fryske taal dêr noch in rol by? En foaral: wannear langje se it meast nei thús?
Yn dizze ôflevering Anne Marije de Winkle yn Amearika. Se komt út in grutte húshâlding en hat no har eigen grutte famylje. Mar Idaho en Boalsert, dêr sitte nochal wat kilometers tusken. Hoe deale je der mei as der in poppe berne wurdt? By de opnamen is Anne Marije swier fan har sechde bern.
Friezen om utens is ûnderdiel fan Lân fan taal, LF2018. It is fan 30 maart ôf te sjen yn it Paviljoen Liwwadders.