Friezen om utens: Pier Kramer út Portugal

Wannear langesto it meast nei thús? Foar it projekt Friezen om utens ynterviewt programmamakker Miranda Werkman Friezen oer de hiele wrâld. Wannear fiele se har thús? Hoe geane se om mei feroaringen en emoasjes en spilet de Fryske taal dêr noch in rol by? En foaral: wannear langje se it meast nei thús?
Yn dizze ôflevering Pier Kramer yn Portugal. Kinne je werom langje nei Fryslân as je net in skerp byld hawwe fan je bertegrûn? Troch wat wurde je oantinkens ynkleure en hoe helpt it ynternet derby? Pier wennet mei syn famylje yn Portugal, yn in yurt. Hy wie fjouwer jier doe't er ferhuze.
Friezen om utens is ûnderdiel fan Lân fan taal, LF2018. It is fan 30 maart ôf te sjen yn it Paviljoen Liwadders.