Suzanne Schulting en Sjinkie Knegt shorttrackers fan it jier

21 mrt 2018 - 09:30

Suzanne Schulting en Sjinkie Knegt binne tiisdeitejûn útroppen ta shorttrackers fan it jier. Dat barde op it Ard Schenk Awards Gala yn Amsterdam. Schulting wûn op de Olympyske Spelen goud op de 1000 meter en brûns mei de ploech op de ôflossing. Knegt wie de winner fan sulver op de 1500 meter op dyselde Winterspelen.

By it langebaanriden gongen de ûnderskiedingen nei de Olympyske kampioenen Kjeld Nuis (1000 en 1500 meter) en Jorien ter Mors (1000 meter). Boppedat siet Ter Mors yn de brûnzen shorttrackploech.

(advertinsje)