Kollum: "IIsaai"

"Eartiids wie it altyd sa dat de finer fan it earste ljipaai nei it provinsjehûs kaam. Dêr krige de kommissaris fan doe noch de Keninginne dat aai. Doe’t Jinke Kuperus fan Wurdum der mei it earste aai yn kaam freger kommissaris Hedzer Rypstra: “U hebt het ei zeker in een mandje." “Nee”, sei Jinke, “yn ’e bûse fansels.”
Dan lottere in boade it aaike foar de kommissaris. Dat stie yn de regleminten. No en dan wie it klappe, jeuzelje, Jinke of wa dan ek krige in pear sinten en dan wie it wer dien. De Fryske media hienen wer wat op de foarside. Hjir en dêr yn de provinsje sieten guon lju te gnizen. Dy hiene al lang in aaike fûn, mar woene foar gjin goud dat stomme gedoch.
Der wiene wol mear dy’t dêr de gek mei hienen. Yn Boalsert waard ek ris it earste aai fûn. Dan gean je earst nei je eigen boargemaster. Dat wie Johan Mulder, de heit fan Oerol-Joop. Dy liet it earst ek efkes lotterje. Bliksems, it aai tipte wat. Diskusje. De finers, op suêde skuontsjes, wiene oertsjûge dat se it yn ’e greide fûn hiene, mar it liken net echte aaisikers. Santjin kear hinne en wer belle mei de provinsje, mar dy woe it net ha. No, sei Mulder, dan moatte we it mar ris besjen. Dopje. Bakje dêr by, tikje mei it aaike tsjin de râne en…… “gekookt” rôp Mulder. De suêde skuontsjes flokten ferslein.
Jim hearre it, it yn stân hâlden fan tradysjes kostet hiel wat krêft.
It is tsjintwurdich oars. De kommissaris moat nei it aai. Mei de finer. Eventueel mei de finers, want je gean faak mei in maat te sykjen. En as dy maat it ljipke sjoen hat en seit: “Dêr moatte we mar sykje”, en de oare fynt it it tafallich, dan krijt dy de sulveren ljip. It is net oars. Mar dy oare mei ek op de foto.
De kommissaris moat it lân yn. Mei deputearre Jehannes Kramer, dy giet oer de fûgels hjirre. De foarsitter fan de pleatslike fûgelwacht, de foarsitter fan de BFVW, in kameraman en in ferslachjouwer fan Omrop Fryslân, en fotografen en ferslachjouwers fan de LC, FD en wat foar blêd se dêr yn It Heidenskip ek mar lêze. O ja, de boer fan wa’t it lân is, is der fansels ek. Dy hie it aai ek wol sjoen, mar woe dy drokte net en no krijt er it lykwols.
Sneon binne se it lân net yngien. It wie te kâld. Kommissaris Brok hie net iens in sjaal en mûtse. Dus no ha se mar sein dat je de fûgel net fersteure moatte. Dy ljip moast it aaike waarm hâlde, oars befrear it. Dêrom binne se it lân net yngien. De proseduere wie likegoed kâld, want op it hiem fan boer De Vries. It aai hoegde dus ek net lottere te wurden, want it wetter yn it lotterpantsje wie beferzen.
Wy Friezen ha nammentlik neat mei iis. Wy soene op 18 maaie tsien wetterfonteinen en in iisfontein iepenje. No dy tsien, dêrfan tinke se dat it wol klear komt. Ik moat it noch sjen, want op guon plakken is noch hielendal neat bard. Mar dy iisfontein wurdt him yn elts gefal net. Yn Dokkum sil dy komme. Dêr ha se earst krekt dien as wiene de prosedueres net goed. Dat it dêrom lang duorre. Unsin. Want ûndertusken hiene se al lang en breed mei de technyk dwaande wêze kinnen.
Want dêr ha se swierrichheden mei. Hoe makkest in iisfontein. Dêr moat wetter útkomme en dat moat befrieze. Mar hoe ûntteit dat iis dan wer om wer nij wetter te wurden wat wer befrieze kin. In fontein is ommers in perpetuum mobile. It liket my in ûnmooglike opgave. Mar de iismasters fan Thialf en de Elfstedenhal kinne alles. Mar it sil al efkes besocht wurde moatte as soks yn Dokkum wol wol. Dat duorret efkes.
Mar witte jim wat de ivich ferguodlikjende deputearre Sietske Poepjes seit? “It is net fan belang dat it op tiid klear is, as it mar in kear klear komt." Dat is de wize werop as yn Fryslân de polityk stâl krijt. Kin op 18 maaie dat beferzen ljipaaike fan It Heidenskip net yn Dokkum dellein wurde."