Stimburo yn Hurdegaryp ferpleatst troch norofirus

21 mrt 2018 - 06:16

It stimburo by wensoarchsintrum Bennema State yn Hurdegaryp is ferpleatst yn ferbân mei in útbraak fan it norofirus. De gemeente Tytsjerksteradiel en de GGD hawwe dêrom besletten it stimburo te ferpleatsen nei it multyfunksjonele sintrum It Maskelyn oan de Easter Omwei 5. Dêr kin ek al stimd wurde, mar de kapasiteit dêr wurdt útwreide.

De bewenners fan Bennema State hoege de doar net út om te stimmen. Sy kinne telâne yn Bennemastate sels. Dat stimlokaal is inkeld foar harren tagonklik fanwege it firus. Stimlokalen moatte foar elkenien tagonklik wêze. De gemeente hat dêrom spesjaal tastemming frege, en krigen, fan de Kiesraad en de minister fan  Ynlânske Saken. Dêrtroch binne de stimmen dy't útbrocht binne yn Bennema State dochs jildich.

(advertinsje)