UNIS Flyers ferliest nei penaltys yn en fan Den Haag

21 mrt 2018 - 06:09

De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe tiisdeitejûn de tredde finalewedstriid yn de BeNe League tsjin Hijs Hokij Den Haag mei 2-1 ferlern. Yn Den Haag foelen yn de earste twa perioaden gjin doelpunten. Earst yn de 52e minút kaam de iepeningstreffer op namme fan de Flyers troch Kevin Nijland. Lang duorre de foarsprong net, want seis minuten letter wist Joey Oosterveld fan Hijs Hokij de stân op 1-1 te bringen.

Yn de ferlinging waard net skoard. Thúsploech Den Haag wie dêrnei krekt better mei de penaltys (4-3) en wûn sadwaande mei 2-1. Sneon is de fjirde wedstriid yn Thialf. Winne de Flyers op it eigen iis, dan falt snein de beslissing yn Den Haag.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(advertinsje)