Scholtmeijer bliuwt bûnscoach Nederlânsk kuorbalteam

20 mrt 2018 - 22:23

Wim Scholtmeijer bliuwt ek de kommende jierren bûnscoach fan it Nederlânske kuorbalteam. De 35-jierrige trainer hat syn kontrakt by it KNKV ferlinge oant 1 jannewaris 2020. Ferline jier late hy it Nederlânske kuorbalteam nei de titel by de World Games yn Poalen. Op dit stuit sitte Marjolijn Kroon en Erwin Zwart fan LDODK fan De Gordyk by it Nederlânkse kuorbalteam. Yn oktober dit jier wurdt it Europeesk kampioenskip kuorbal hâlden yn Fryslân.

Assistint-bûnscoach Leon Braunstahl hat ek foar deselde termyn bytekene as Scholtmeijer. Jennifer Tromp wurdt as assistint-bondscoach oan de stêf taheakke. Scholtmeijer is sûnt 2014 bûnscoach fan TeamNL Korfbal. Hy waard mei Oranje Europeesk kampioen yn 2014 en 2016 én wrâldkampioen yn 2015.

(advertinsje)