Harkemase Boys ferliest thús fan ACV

© Omrop Fryslân
Harkemase Boys hat tiisdeitejûn op it eigen fjild mei 2-1 ferlern fan ACV. It earste doelpunt yn dizze ynhelwedstriid fan 17 febrewaris wie foar de Friezen, makke yn de 32e minút troch Berwout Beimers. Daniël Schans fan de tsjinpartij soarge yn de 39e minút foar de 1-1. Krekt foar't de skiedsrjochter de rêst oankundige, makke Justin Mulder noch gau it twadde doelpunt foar de Drinten. Yn de twadde helte wiene der noch kânsen foar Harkemase Boys om der in lyk spul fan te meitsjen, mar de ferdigening fan ACV liet dat úteinlik net ta.