"KNVB moat kosten fideoskiedsrjochter foar rekken nimme"

20 mrt 2018 - 22:05

SC Hearrenfean giet net sûnder mear akkoart mei de komst fan de fideoskiedsrjochter. It projekt kin allinne trochgean as de finânsjes goed regele wurde. Dat seit technysk manager Gerry Hamstra fan de klup. Dy hat moandei wol ûnder foarbehâld ynstimd mei it foarstel fan de KNVB.

De kosten fan de fideoskiedsrjochter komme op sawat 1,7 miljoen euro yn it jier. De earste twa seizoenen betellet de KNVB dat alhiel. Dêrnei soene de klups ek in bydrage leverje moatte. Neffens Hamstra is dat gjin goede saak. "Het zou het fairst zijn dat de KNVB de kosten voor zijn rekening neemt. Anders krijg je misschien een beetje een rare spagaat, als je ook zelf dingen gaat betalen."

Ofsjoen fan de kosten sitte der allinnich mar foardielen oan de ynfiering fan de fideoskiedsrjochter, seit Hamstra. "Dat je een sportieve en eerlijke competitie hebt. Van het laatste half jaar zijn er veel voorbeelden van beslissingen die achteraf toch anders waren en die soms niet meer met het blote oog te zien zijn. In dat opzicht dus vooral een eerlijk verloop van de wedstrijd."

(advertinsje)