Hege ferwachtingen foar Escher-tentoanstelling

20 mrt 2018 - 20:25

It Fries Museum ferwachtet sa'n 120.000 besikers út binnen- en bûtenlân foar de grutte tentoanstelling 'Escher op reis'. Op 28 april 2018 wurdt de eksposysje iepene. Mear as tachtich wurken dy't Escher makke, binne in healjier lang yn syn bertestêd Ljouwert te sjen. Op dit stuit binne der 24.000 kaarten ferkocht: oan partikulieren en foaral saaklike relaasjes fan it museum.

Optyske yllúzjes

Italië wie foar de keunstner M.C. Escher in grutte boarne fan ynspiraasje. Hy hat der tsien jier wenne. In grut tal printen, lito's en houtsneden dy't hy yn syn libben makke, binne basearre op wat hy seach yn Rome en yn de Italiaanske regio de Abruzzen. Underweis makke hy sketsen, dy't hy letter thús útwurke nei grafyske en matematyske wurken. Escher (1898-1972) is der wrâldferneamd mei wurden.

It meast bekend binne syn 'ûnmooglike' tekeningen, de 'optyske yllúzjes'. Yn Escher syn tekeningen is hast neat wat it liket. Hy boartet mei perspektiven en set de wrâld op syn kop. It makket Escher ynternasjonaal wierskynlik de meast bekende keunstner út Fryslân.

Reis nei Italië

It Fries Museum hat in protte brûklienen krigen út binnen- en bûtenlân, fan musea en privee-kolleksjes. De Italiaanske samler Federico Giudiceandrea hat ien fan de grutste kolleksjes Escher-printen fan Europa. Kurator Judith Spijksma fan it Fries Museum hat tegearre mei Giudiceandrea in katalogus gearstald oer de ynfloed fan Italië op it wurk fan Escher.

Op 21 en 22 maart 2018 sil Giudiceandrea de Nederlânske parse rûnliede troch it Italië fan Escher. Omrop Fryslân-ferslachjouwers Bart Kingma en Karen Bies en kameraman Thomas Overal binne mei. Se sille ûnder oare it wenhûs fan Escher yn Rome besjen en der is in trip troch it lânskip fan de Abruzzen. Foaral de arsjitektuer fan Rome en it lânskip fan it súdlik part fan Italië foarmen in grutte ynspiraasje foar Escher.

Ljouwerter keunstner

Yn 1898 waard Maurits Cornelis Escher berne yn Ljouwert, yn it Stedspaleis yn de Grutte Tsjerkstrjitte, it gebou dêr't no Keramykmuseum Princessehof yn fêstige is. Hy wie de fjirde en jongste soan. Syn heit wie wetterboukundich yngenieur, syn famylje kaam oarspronklik út Dútslân en telde in protte keunstners. De húshâlding ferhuze nei Arnhem doe't Maurits fiif jier wie.

Syn grafyske oplieding folge Escher oan de School voor Bouwkunde en Sierende Kunsten yn Haarlem. Dêrnei gie er op reis nei Italië, dêr't hy ek syn frou moete. Letter wenne hy yn Switserlân, België en Nederlân, mar yn Fryslân hat er nea wer west. Hy stoar yn 1972 yn Hilversum.

(advertinsje)