FIDEO: It wurd is no oan de kiezers

20 mrt 2018 - 19:54

De kampanjes sitte der op, de listlûkersdebatten ha west, it wurd is no oan de kiezer. Yn fjirtjin Fryske gemeenten kin woansdei stimd wurde foar de gemeenteried en hiel Fryslân mei syn miening jaan oer de nije "sleepwet".

De pleatslike politisy sitte fansels yn spanning. Wa wint, wa ferliest? En pakke de lokale partijen de winst, sa't wol wat ferwachte wurdt? Yn de studio prate Eric Ennema mei politikolooch Jouke de Vries. En wy seagen by de tariedingen yn de gemeente Dantumadiel.

(advertinsje)