Mear reizgers ferwachte troch rappere buslinen

It busstasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Rappere buslinen tusken Dokkum en Ljouwert moatte der foar soargje, dat mear minsken mei it iepenbier ferfier nei wurk, skoalle of oare aktiviteiten gean. Mei in eksperimint op de linen 51 (fia Oentsjerk) en 54 (fia Stiens) wol de provinsje útfine, oft it wurket de bussen net mear troch de doarpen ride te litten, mar de halten oan de râne fan de doarpen te setten.
Deputearre Kramer wit dat it net goed falt yn guon doarpen, mar fynt it algemien belang fan hegere oarder. Boppedat kin troch mear passazjiers yn de bussen it iepenbier ferfier better yn stân hâlden wurde en is der mear jild om oare ferfiersfoarsjenningen yn stân te hâlden. De groei sil benammen sitte yn it tal minsken út de stêden, dat dan wol de bus pakke sil.
Yn Drinte hat earder in eksperimint west mei rappe buslinen. It tal minsken dat doe yn de bus stapte, gie mei in lytse 10 prosint omheech.