Fertochte drugslab Suwâld bliuwt fêstsitten

© De Vries Media
In man út Suwâld, by wa't yn desimber yn de skuorre in XTC-lab fûn waard, bliuwt fêstsitten. Dat hat de rjochter tiisdei besletten by de earste kear dat de saak foarkaam. De advokaat fan de fertochte hie de rjochter frege de man frij te litten. De Suwâldster ûntkent, dat er der wat mei te krijen hat. Mar neffens de rjochter binne der genôch oanwizingen, dat de man wol belutsen west kinnen hat by it lab.
De rjochtsaak giet mids maaie fierder.