Himpkwekerij mei 250 planten oprôle yn Ljouwert

20 mrt 2018 - 17:45

De plysje hat tiisdeitemoarn in himpkwekerij oprôle oan de Jentsjemar yn Ljouwert. Der waarden goed 250 planten fûn. Ek waard der yllegaal stroom ôftape. De planten en de apparatuer binne yn beslach nommen en ferneatige.

De plysje hat dêrnjonken in jildbedrach fan hast 2.200 euro yn beslach nommen. De plysje sil de man, dy't fertocht wurdt fan belutsenheid, woansdei hearre.

Trefwurden: 
himpkwekerij Ljouwert plysje
(advertinsje)