Ek Fryslân wol graach WK hurdfytsen yn Noard-Nederlân

20 mrt 2018 - 17:34

Fryslân is der bliid mei as it WK hurdfytsen yn 2020 yn Grinslân en Drinte plak fynt. Dat seit deputearre en 'wielerfan' Sander de Rouwe. Dy kâns is tanommen, nei't Venetië him weromlutsen hat as kandidaat. Fryslân hat de ambysje om in grutte ynternasjonale hurdfytsronde nei ús provinsje te heljen yn de perioade 2020-2025. Dêrby kinne je tinke oan de start fan de Tour de France, de Vuelta of de Giro. Dan net yn itselde jier as it WK, mar bygelyks nei 2022, as it wurk oan de Ofslútdyk klear is.

It WK hurdfytsen yn Noard-Nederlân smyt Fryslân yn alle gefallen wat op, bygelyks oernachtingen en belutsenheid fan Surhústerfean. It hurdfytsklimaat is geunstich yn Fryslân en it Noarden. Organisaasjes kinne hjir bygelyks rekkenje op in soad frijwilligers.

(advertinsje)