Deputearre Kramer leit oankeap grûn foar natuergebieten stil

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Deputearre Johannes Kramer fynt it folslein logysk dat hy de oankeap fan in pear stikken grûn foar de ûntwikkeling fan natuergebieten stillein hat. Der is in tekoart op de natuerûntwikkelingsplannen, mar neffens de deputearre is dat net de iennige reden, om de oankeap stil te setten.
Kramer seit dat der yntusken saken feroare binne en natuer en lânbou folle mear yn oparbeidzjen mei-inoar de natuer ûntwikkelje moatte. Hy wol ferskate senario's mei Provinsjale Steaten beprate. Natuerorganisaasjes binne net bliid mei it beslút, mar Kramer seit dat hy ferskate petearen hân hat en de oankeap allinnich mar 'beferzen' is, om de kar aansten oan de Steaten te litten.
De natuerûntwikkelingsplannen binne yn it ramt fan it natuernetwurk Ekologyske Haadstruktuer. De provinsje hat opdracht krigen fan Europa, om dêr foar 2027 klear mei te wêzen. GrienLinks yn de Steaten fynt dat Kramer no foarútrint op de diskusje oer de natuerplannen en hat in ynterpellaasjedebat oanfrege. Dit debat sil op 28 maart hâlden wurde.