Provinsje komt mei 'voucher' foar lyts- en middenbedriuw

20 mrt 2018 - 16:16

De provinsje wol lytsere MKB-bedriuwen yn Fryslân op 'en paad helpe mei ynnovaasje, bedriuwsûntwikkeling en strategysk personielsbelied. Om dat te berikken komt de provinsje mei de saneamde 'voucher-regeling MKB Fryslân'. Bedriuwen kinne in voucher krije tusken de 500 en 2.500 euro. Dêrmei soene se ekstra personiel of ekspertize ynroppe kinne. Yn totaal is der hast trije miljoen euro foar beskikber, foar in perioade fan trije jier.

Deputearre Sander de Rouwe tinkt dat er mei de regeling 2.000 oant 3.000 lytse MKB-bedriuwen helpe kin. De earste voucher hat De Rouwe ûndertekene op de Business Contact Dagen. Dy wurde tiisdei en woansdei yn it WTC Expo yn Ljouwert hâlden.

(advertinsje)