UPDATE: Earste ljipaaien fûn yn trije Fryske gemeenten

20 mrt 2018 - 20:32

Yn trije gemeenten binne tiisdei wer earste ljipaaien fûn. Yn de gemeente De Fryske Marren hat Klaas Jager it earste aai fûn yn Nijehaske. Rommert Dijkstra fûn it earste aai fan Weststellingwerf by Spangea. Enno van der Kooi út Twizelerheide fûn by Aldwâld it earste ljipaai fan de gemeente Kollumerlân.

De aaien binne kontrolearre en de finers sille ynkoarten ûntfongen wurde troch de boargemasters fan de trije gemeenten, yn De Fryske Marren troch boargemaster Veenstra, yn Kollumerlân troch boargemaster Bilker en yn Weststellingwerf troch boargemaster Van de Nadort. Ferline jier wie boargemaster Van Klaveren fan Weststellingwerf de iennichste boargemaster, dy't der net oan meiwurkje woe.

Yn Fryslân is no yn trije gemeenten it earste aai fûn. Sawol it earste aai yn Fryslân as it earste aai yn de gemeente waarden fûn yn de gemeente Súdwest-Fryslân, beide yn It Heidenskip.

(advertinsje)