Fenna Kalma yn nasjonale seleksje foar EK-kwalifikaasje

20 mrt 2018 - 16:06

Fuotbalster Fenna Kalma fan de froulju fan Hearrenfean is opnommen yn de foarriedige seleksje fan it Nederlânske frouljusalvetal ûnder de 19 jier, foar it EK-kwalifikaasjetoernoai yn Hongarije. Yn de twadde en lêste ronde fan it kwalifikaasjetoernoai spylje de froulju tsjin Slovenië, Sweden en Hongarije.

De wedstriden binne begjin april. It EK sels is yn july yn Switserlân. It EK foar froulju ûnder de 19 jier is alle jierren. Nederlân wûn it toernoai fjouwer jier lyn.

(advertinsje)