Sel en twangferpleging easke tsjin kondukteurmishanneler

20 mrt 2018 - 15:18

Tsjin in man út Assen is tsien moanne sel en tbs mei twangferpleging easke, omdat er oardel jier lyn in kondukteur mishannele hat yn de trein fan Snits nei Ljouwert. De man sit al dy tiid al fêst, omdat der gjin klinyk fûn wurde koe om him te ûndersykjen. De fertochte hat ferskate psychiatryske problemen.

Hy hat de kondukteur in brutsen noas slein, doe't dy him nei syn kaartsje frege. Neffens saakkundigen is in twongen behanneling de iennichste manier om foar te kommen dat de man wer de fout yngiet. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)