Tytsjerkster falt buorman mei gripe oan: wurkstraf

20 mrt 2018 - 15:07

In man út Tytsjerk hat in wurkstraf fan fjirtich oeren ûnder betingst krigen, omdat er syn buorman twa-en-in-heal jier lyn mei in gripe oanfallen hat. De fertochte seit dat de buorman in soad oerlêst feroarsake. De saak eskalearre doe't de fertochte de man frege oft er syn doar tichtdwaan woe, fanwegen de weedlucht dy't dêr wei kaam.

De buorman kaam doe efter de fertochte oan en dielde klappen út. Dêrop helle de Tytsjerkster syn gripe en foel er de buorman dêrmei oan. Justysje hie tachtich oeren wurkstraf easke. De rjochtbank jout in straf ûnder betingst, omdat de saak al sa lang lyn spile en omdat de buorman earst sloech. De fertochte hie boppedat gjin strafblêd.

(advertinsje)