Fryske begraafplakken binne relatyf goedkeap

20 mrt 2018 - 14:03

Begraafplakken yn Fryslân binne yn fergelyk mei de rest fan Nederlân relatyf goedkeap. Dat docht bliken út ûndersyk fan útfeartûndernimming Monuta. Foar in grêf op in gemeentlik begraafplak betelje neibesteanden yn ús provinsje sa'n 2.445 euro. Dat is hast 600 euro goedkeaper as wat der yn Nederlân yn trochsneed betelle wurdt foar in grêf.

Grutte ferskillen

Der bestean yn de provinsje wol grutte kosteferskillen. Neibesteanden op Flylân binne it goedkeapst út; sy betelje ûngefear 1.100 euro. Dat wylst it djoerste begraafplak yn Fryslân by Kollum hast 4.400 euro kostet.

Fergeliking is dreech

It is neffens de útfeartûndernimming dreech om de kosten fan de begraafplakken mei-inoar te fergelykjen. Der sit ferskil yn it type grêven en de rintiid fan de grêfrjochten. Ek betelje neibesteanden bytiden administraasjekosten of kosten foar in fergunning fan it grêfmonumint.

Trefwurden: 
begraafplak grêf Monuta
(advertinsje)