Makkumer froulju wurkje oan kleure Eschertekkens

20 mrt 2018 - 13:43

Der wurdt hurd wurke oan de Eschertekkens foar Kulturele Haadstêd 2018. Ek yn Makkum komt it iene kleed nei it oare op tafel. Al twa jier komt in groep froulju ien kear yn 'e moanne byinoar yn de biblioteek fan Makkum om te wurkjen oan de kleure tekkens. Harren doel: it Guinness Book of Records helje. Der moat noch aardich wat haakt wurde, mar yn Makkum gean se derfoar.

De tekkens binne fan tiisdeitemiddei ôf te bewûnderjen yn de biblioteek fan Makkum. Yn april komme ek tekkens yn de etalaazjes fan winkels yn Ljouwert te hingjen. Doel is om tsientûzen tekkens te haken.

De tekkens binne ûnderdiel fan it projekt 'Planeet Escher'. 

(advertinsje)