Lit de lamkes gewurde yn Drents-Friese Wold

20 mrt 2018 - 13:16

It is maitiid en dat betsjut dat de skiep lamje. Ek yn de natuer. En dat smyt problemen op. Want minsken dy't in iensum laam sjogge, tinke dat it ferdwaald is, pakke it op en nimme it mei om yn te leverjen by Steatsboskbehear. En dat wylst de mem meastentiids gewoan yn de buert is.

Minsken moatte de lammen dan ek gewurde litte, want se berikke it tsjinoerstelde fan wat se wolle, seit boskwachter Corné Joziasse fan it Drents-Friese Wold. De lammen reitsje yn de stress en se kinne net werom brocht wurde nei de mem. Gewoan lizze litte dus, is de oprop fan Joziasse.

(advertinsje)