Fiif miljoen kúb sân yn it Amelanner Seegat

20 mrt 2018 - 10:58

Rykswettersteat begjint tiisdei mei in grut eksperimint yn it Amelanner Seegat. Troch fiif miljoen kúb sân op de boaiem foar de kust del te stoarten, ûndersiket Rykswettersteat hoe't de Nederlânske kust op duorsume wize meigroeie kin mei de stiging fan de seespegel. Rykswettersteat hat ferline jier al de besteande situaasje opmetten om te sjen wat de gefolgen fan it stoarten fan it sân binne.

Der is foar it Seegat keazen om't dit in natuerlik en selsstannich wurkjend systeem is. De útkomsten fan it ûndersyk wurde brûkt yn de beslútfoarming fan 2020, om te kommen ta in goede beskerming fan de kust.

(advertinsje)