Opsterlân is koprinner mei boargerhelpferlieners

De gemeente Opsterlân is in foarbyld foar oare Fryske gemeenten as it giet om it tal AED's en it tal boargerhelpferlieners dat reanimearje kin. Troch ferskate boargerinisjativen en de help fan Stichting Fryslân Hartveilig binne der yn Opsterlân no mear as 400 reanimaasje-boargerhelpferlieners en 37 oanmelde AED's. Fryslân Hartveilig set him yn om in dekkend reanimaasjenetwurk op te bouwen yn Fryslân.