Wat makket Stienzers dat se lokkich binne?
Mei syn allen moaie muzyk meitsje en optrede foar it grutte publyk. Ja, dêr wurdt Jelger fan showband Takostu út Stiens bysûnder lokkich fan. Jelger rekkenet him dan ek ta de njoggen fan de tsien Nederlanners dy't seit lokkich te wêzen, fertelt er by in showbandrepetysje. Dy nijste sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk binne tiisdei op de ynternasjonale dei fan it gelok presintearre.
Sosjaal netwurk
It hawwen fan wurk, in goeie relaasje of in goed sosjaal netwurk spylje ek in belangrike rol yn de mate fan lok yn in minskelibben. By de fuotbalfjilden fan Stiens prate in pear froulju oan de kant fan it fjild oer wat harren lokkich makket. "Ik ben gelukkig getrouwd, heb drie zonen en drie schoondochters en vijf kleinkinderen. En allemaal gezond, wat wil ik dan nog meer?" In oare frou follet oan: "Ik heb lieve kinderen, twee katten, een huis en leuke vrienden om mee af te spreken, dat is voor mij heel belangrijk."
In doarp as Stiens makket eins ek bêst gelokkich. "Ik bin in 'geboren' Ljouwerter, mar hjir yn Stiens fielt it allegear folle gemoedliker, dat makket my lokkich." In Roemeenske doarpsgenoat follet oan: "Ik voel me gelukkig in Stiens, dat komt niet omdat het hier rijker of beter is, maar omdat hier een andere mentaliteit heerst. Ik ben denk ik verwesterd en dat maakt dat ik me hier meer op mijn gemak voel, dan bij mijn moeder in Roemenië", laket se.
Hobbys
Underwylst wurdt der by Luchtschietvereniging LSV Willem Tell yn Stiens wakker sketten. "Natuurlijk gaat niet altijd alles goed. Mijn meiske thuis heeft wat dingetjes met haar gezondheid en dat is moeilijk voor haar, maar baart mij ook zorgen. Dan ben je wel gelukkig, ook al gaat niet alles van een leien dakje." Problemen kinne je ek oan de kant skowe fertelt ien fan de leden. "Ik heb geleerd hoe je je problemen los kunt laten en dat heeft mij veel gelukkiger gemaakt. Bijvoorbeeld van die vervelende schoonzussen", seit er laitsjend.