Djoere Audi mei de foarkant rjochtop yn Trekfeart

19 mrt 2018 - 22:54

In auto is moandeitejûn de Trekfeart by Dokkum ynriden. De bestjoerder fan de djoere Audi rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk. De wein kaam yn it wetter telâne en bleau mei de snút rjochtop yn de Trekfeart stean.

De bestjoerder rekke net ferwûne by it ûngelok. Hy is ûndersocht troch ambulânsepersoniel. De bestjoerder hie inkeld wiete klean. In bergingbedriuw sil de auto wer op fjouwer tsjillen sette.

Trefwurden: 
auto trekfeart
(advertinsje)