Hieltyd mear oldtimers, âldste yn Fryslân is fan 1902

20 mrt 2018 - 07:00

Der ride hieltyd mear oldtimers om yn Fryslân. Wienen it  5518 yn 2014, begjin 2018 waarden der 7087 teld. In groei fan 28 prosint, sa blykt út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk. En dat past goed yn de lanlike trend fan in kwart mear. Auto's dy't âlder binne as 40 jier meie in oldtimer neamd wurde. Op Skylge, It Amelân en yn Kollumerlân komme yn ferhâlding sjoen de measte oldtimers foar.

Lanlik binne de measte oldtimers fan it merk Folkswein, benammen kevers en transporters binne populêr. Dêrnei komme de Mercedes en de Citroën, en dan foaral de 'Lilke Einen'. De âldst bekende oldtimer yn Fryslân is fan it boujier 1902.

Trefwurden: 
oldtimers
(advertinsje)