LF2018: Snitser skoallen omtsjoend ta 'pop-up hostels'

19 mrt 2018 - 21:57

Fjouwer Snitser skoallen wurde yn de maaiefakânsje omtsjoend ta 'pop-up hostels'. Foar it muzikale LF2018-evenemint At the Watergate wurde de klasselokalen fan RSG Magister Alvinus, RSG Malta, csg Bogerman en De Diken omboud ta sliepkeamer mei steapelbêden, klûskes, stroompunten en ekstra sanitêre foarsjenningen.

It grutte muzykfestival wurdt holden fan 9 oant en mei 11 maaie. Der dogge sa'n 6000 jongeren mei út 23 Europeeske lannen. Sy sille op ferskate poadia op en by it wetter yn Snits, Boalsert, Drylts en Heech optrede. Yn de Snitser skoallen wurdt foar sa'n 2600 bûtenlânske dielnimmers ûnderdak regele. "Een enorme uitdaging om de school zo in te richten dat het ook aan alle veiligheidsvoorschriften voldoet," fertelt Arran Bakker fan de organisaasje. "We hebben een aantal dagen de tijd om de klaslokalen helemaal in te richten, maar we moeten er vervolgens wel voor zorgen dat maandag alles weer in oude staat is, want dan beginnnen de eindexamens."

Brânwacht, plysje, GGZ en de gemeente Súdwest-Fryslân hawwe de lokaasjes foarige wike al neisjoen op ûnder oare brânfeiligens, en in kalamiteiteplan opsteld. De ferwachting is dat dat ein fan dizze moanne goedkard wurdt.

(advertinsje)