"It profesjonele reedriden is eins yn Ljouwert begûn"

19 mrt 2018 - 21:17

De striid om de Sulveren Bal yn de iishal fan Ljouwert stiet dit jier yn it teken fan de skiednis fan it koartebaanriden. Kommende woansdei is de tredde edysje fan de Sulveren Bal-riderij. De organisaasje neamt it 'it rapste toernoai fan Nederlân'. Under oare Jesper Hospes, Anice Das en Marrit Leenstra dogge oan it toernoai mei. De wedstriden wurde ferriden yn de Alvestêdehal yn Ljouwert. 

"Wedstriidreedriden is yn Ljouwert begûn"

Toernoaidirekteur Jan Ykema: "De profesjonele reedriderij is eins begûn yn Ljouwert. Yn it ferline organisearren kroechbazen koartebaanwedstriden. Ien sa'n herberch hiet De Gouden Bal. Us namme De Sulveren Bal ferwiist dêr in bytsje nei. As it 200 of 250 jier ferlyn winter wie yn Ljouwert, dan waarden de minsken gek yn de kop. Se woene it iis op. Der kamen in soad minsken yn de stêd. De herbergiers hâlden koartebaanwedstriden. Dan kamen der in soad minsken op ôf dy't nei dy tiid ek wat dronken. De reedriders koene yn dy tiid goed jild fertsjinje. Ast it oer mienskip hast: yn dy tiid kamen se fan withoefier op redens nei Ljouwert ta, om op de stedswâlen fan Ljouwert mei syn 15 tûzenen tagelyk nei in koartebaanriderij te sjen.

Teäterstik

Op 21 maart komme de bêste reedriders fan Nederlân, en ek bûtenlânske riders nei de Ljouwerter Alvestêdehal om te riden om de Sulveren Bal, in sprinttoernoai oer 100 meter. De middeis is der earst in jeugdtoernoai, jûns komme de kanonnen oan bod, seit Ykema. Dêrnei is der in teäterstik oer hoe't it 200 jier ferlyn wie. Dêrnei komme wy wer út yn it jier 2018: Ljouwert Fryslân Kulturele Haadstêd 2018.

(advertinsje)