Jong SC Hearrenfean pakt ien punt tsjin Jong Roda JC

De beloften fan SC Hearrenfean hawwe moandei yn de beker mei 1-1 gelykspile by Roda JC yn Kerkrade. It team fan Hearrenfean hie dizze kear gjin spilers út it earste alvetal en dat fan Roda wol. By Hearrenfean diene seis spilers mei fan it alvetal ûnder de 19 jier en dy hiene ôfrûne sneon ek al spile. Trainer Chris de Wagt is tige tefreden mei it 1-1 gelykspul. Hy fynt dat syn jonges in poerbêste prestaasje delset hawwe, ek omdat se tsjin earste alvetalspilers spiljen.
Beide ploegen giene sûnder skoard te hawwen de rêst yn. Yn de 53e minút makke Mart Remans in doelpunt foar Roda. Hearrenfeanspiler Aleksander Palamar makke yn de 66e minút de lykmakker.
Takom wike tiisdei spylje de beloften fan SC Hearrenfean tsjin PEC Zwolle. De wedstriid is om 14:00 oere op sportpark Skoatterwâld. PEC Zwolle, NAC Breda en Hearrenfean binne allegearre noch yn de race foar de heale finale. Inkeld de earste twa gean oer.