Fideoskiedsrjochter docht takom seizoen syn yntrede

19 mrt 2018 - 20:14

Skiedsrjochters yn de earedifyzje krije fan takom seizoen ôf help fan in fideoskiedsrjochter. Dat is besletten op in de bûtengewoane algemiene gearkomste betelle fuotbal yn Zeist. De fideoskiedsrjochters sille de bylden besjen yn in spesjaal fideosintrum yn Zeist. It giet mei-inoar om 324 wedstriden.

De  kosten fan de fideoskiedsrjochter komme op sawat 1,7 miljoen euro yn it jier. De earste twa seizoenen betellet de KNVB dat alhiel. Dêrnei moatte de klups ek in bydrage leverje.

It ôfrûne seizoen waard al eksperimintearre mei fideoskiedsrjochters. Sy nimme besluten oer doelpunten, reade kaarten en strafskoppen. De fideoskiedsrjochter mei ek sizze oft de goede spiler in kaart krigen hat. 

Yn Dútslân en Portugal wurkje se al langere tiid mei in fideoskiedsrjochter. Yn Spanje, Frankryk en België giet de fideoskiedsrjochter takom jier ek fan start. Hy of sy is ek fan de partij op it WK yn Ruslân.

(advertinsje)