FIDEO: Tineke Schokker oer de ferkiezingen

19 mrt 2018 - 17:30

Mei sa'n 1100 ynwenners is Flylân ien fan de lytste gemeenten fan Nederlân. Dochs kin it bestjoeren dêr somtiden best lestich wêze. Yn 'e oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen sil presintator Eric Ennema Fryske politisy it fjoer nei oan de skinen lizze en moandei is dat de boargemaster fan Flylân: Tineke Schokker fan it CDA.

De eilannen hawwe in folslein eigen bestjoerskultuer. Underlinge ferhâldingen binne tige belangryk, "partij-hopping" komt in hiel soad foar en op guon eilannen dogge lanlike partijen net iens mei. Hoe hâlde jo as boargemaster de boel wat by-inoar? It soe samar kinne dat Tineke Schokker op Flylân it antwurd dêrop hat.

Earder prate Eric Ennema mei Dineke Wagenaar en Harrie Graansma.

Sjoch alles oer de ferkiezingen.

(advertinsje)