Fleanbasis ropt F-16's boppe Waadsee werom

19 mrt 2018 - 17:02

De Fleanbasis Ljouwert hat moandeitemoarn in oefening mei F-16's boppe de Waadsee stopsette moatten, fanwege in mankemint oan ien fan de tastellen. De F-16 reagearre neffens de basis net lykas gebrûklik. Hy is dêrom weromhelle nei de basis. Dêr stiene út foarsoarch helptsjinsten klear, mar dy hoegden net yn aksje te kommen.

Neffens de fleanbasis komt it net faak foar dat in fleantúch weromhelle wurde moat út in oefening.

Trefwurden: 
F-16 Fleanbasis Ljouwert
(advertinsje)