Wetterskip Fryslân wol enerzjy meitsje út slyk

Wetterskip Fryslân sil it slyk dat oerbliuwt by de wettersuvering tenei folslein duorsum ferwurkje. Op de lokaasjes op It Hearrenfean en yn Ljouwert wurdt it slyk oer trije jier omset yn enerzjy, sa is de bedoeling. Dêrfoar moatte op beide lokaasje de ynstallaasje flink oanpakt wurde. It wetterskip wol dêr 46 miljoen euro yn ynvestearje. De oanpak past by de klimaatdoelstellingen fan Wetterskip Fryslân.