Jong SC Cambuur wint yn Almelo fan Jong Heracles

© Omrop Fryslân
Jong SC Cambuur hat moandeitemiddei de wedstriid yn de beloftekompetysje yn Almelo tsjin Jong Heracles mei 2-0 wûn. De doelpunten foelen yn de earste helte. De skoare waard iepene troch Xander Houtkoop yn de 23e minút út in strafskop, Kevin van Kippersluis ferdûbele de Ljouwerter foarsprong krekt foar it skoft. De ploech fan trainer Dennis van der Ree stiet op in kreas twadde plak yn de kompetysje mei 25 punten út 14 wedstriden. Jong SC Hearrenfean is koprinner mei 30 punten út 13 wedstriden.