Fryske Baukje de Graaf skoart by The Voice Kids

Baukje de Graaf út Noardburgum docht mei oan The Voice Kids. Se smiet hege eagen op telefyzje en ek op de sosjale media gie it oer har optreden. Se song yn it Frysk, it nûmer 'In nije dei' fan De Kast.
"It is 18 septimber al opnommen, mar ik ha it no foar it earst weromsjoen. It is hiel bysûnder. Doe't ik it poadium opkaam, hie ik wol senuwen, mar ik tocht: ik gean dit gewoan dwaan en sjoch wol oft se draaie," fertelde se yn De middei fan Fryslân. Oan de ein fan it optreden draaiden twa coaches, Ali B en Marco Borsato. "Ik begûn te gillen."
Se keas foar Marco Borsato as coach. "Hy liket my in aardich persoan, en hy sjongt al hiel lang, dus hy kin my it measte leare." Nei de útstjoering ûntplofte har sosjale media. "Ik ha no it dûbele tal folgers derby en krige in hiel soad berjochten. It wie hiel leuk en posityf." Se mei fansels neat sizze oer hoe't it har fierder fergiet yn it talinteprogramma, mar har coach hat har goed holpen. "Ik ha in soad leard en erfaring opdien. Ik ha in leuke tiid hân." Meikoarten komme de Battles op telefyzje.