Bruno Rummler: "Ik bin Doede syn grutste fan"

Bruno Rummler, sels ek trûbadoer, neamt himsels de grutste fan fan de snein ferstoarne sjonger Doede Bleeker. Hy is boppedat syn neef. "Hy is troch hertfalen weirekke, syn dea hienen we net ferwachtsje kinnen. As lyts jonkje draaide ik syn cd's. Op myn alfde learde ik gitaarspyljen en koe ik alle ferskes út de holle. Hy hat my wol oanset om muzyk te meitsjen." Sa fertelde er yn De middei fan Fryslân.
Bruno hat sels in drege tiid hân, en de muzyk fan syn omke hat him dêr bot by holpen. "In ferske as 'Kensto dat gefoel' mei de sin 'Vlieg fut naar morgen, als alles anders wurdt', dêr kin ik my goed yn fine."
De lêste wiken wie er dwaande om de muzyk fan Doede Bleeker te sammeljen en te digitalisearjen. "Online kinst syn ferskes amper lústerje. Doe ha ik him oanbean om syn wurk te digitalisearjen. Dan kinne we ek syn gefoelige ferskes hearre litte, dy binne ek de muoite wurdich." It soe dizze wike online komme. Mei Doede syn dochter Janna hat er dêr kontakt oer, hy sil it wurk meikoarten dien meitsje. "In pear wiken lyn ha ik de cd's by him ophelle. We soenen tegearre noch muzyk meitsje. Hy wit presys hoe't je in gefoel yn in ferske fange kinne. Muzyk wie de konneksje tusken ús, mar ik ha ek twa simmers by him yn de fisksaak wurke."