Sel foar Afgaanske asylsiker fanwege bedriging

De rjochtbank © Omrop Fryslân, Joris Kalma
In Afgaanske asylsiker moat twa moanne de sel yn, omdat er yn desimber plysjeminsken mei in mes bedrige hat. De plysjeminsken hiene de man nei it AZC fan Drachten brocht, neidat er yn in kroech foar oerlêst soarge hie. Se hiene op syn keamer brocht, mar doe't se nei de auto rûnen, stode de man nei se ta, mei in grut mes. De plysjes fielden har sa bedrige dat se har wapen pakten. De fertochte seit dat er spyt hat fan wat er dien hat, hy seit dat it kaam omdat er in soad dronken hie.
De man hat nei it ynsidint trije moanne yn in ekstra befeilige lokaasje fan it COA sitten. No wennet er yn it AZC fan Sint-Anne. Meikoarten moat er it lân út, omdat er gjin ferbliuwsfergunning krijt.